Hoe ’t migranten it Nederlânsk nei Frysktalich Hollân brochten

Dit artikel verschijnt ook in het Nederlands op Neerlandistiek.nl in het kader van het jubileum 30 jaar Neerlandistiek.nl

Stel no, do setst in tiidmasine del op ‘e heuvel fan it kastiel fan Leien en beslútst om alvehûndert jier werom yn ‘e de tiid te gean. Wat soest sjen? Wat soest hearre? Wat soest meimeitsje?

Ympresje fan de Leidske boarch ca. 950 (tekening: Kerkhof)

Earst efkes in warskôging foar de argeleaze tiidreizger; de tsiende iuw is gjin noflik plak foar immen mei moderne gefoelichheden. Oarlochsgeweld, honger, oerstreamingen, slavernij. Kom dus wapene mei in aardich poarsje kultuerrelativisme, want oars silst grif in minne ûnderfining hawwe.

Okee, de tiidmasine docht syn ding en bringt ús yn in twirrewyn fan tiid en romte werom nei de tsiende iuw. Wy steane yn ‘e midden fan it iermidsiuwske mottekastiel fan Leien, de Leitheriburch. Om ús hinne rinne de feinten fan ’e greef fan Rynlân, wapene mannen mei swiere maliënkolders; guon roppe befelen nei de hearrigen dy ’t hea en nôt nei binnen bringe, oaren beprate it nijs dat de Fikinghaadman Harald Walcheren ynnommen hat.

Dizze tsiende iuw is in bysûndere perioade yn it taalferline fan it Nederlânsk; yn dy perioade waard der nammentlik yn in grut part fan Nederlân gjin Nederlânsk praat. It Nederlânsk wie doedestiids mear de taal fan it lânyngeande rivieregebiet en fan de suderlingen – de minsken út Utert, Tiel en Nijmegen dus en de minsken út Brussel, Antwerpen en Gent. Oan de kust dêrfoaroer praten se in âld soart Frysk. Dat is net frjemd want de Fryske kening Redbad hie grutte bûtens op de Hollânske dúnrêgen; fan it eilân Voorne oant Heiloo.

Dochs hiene de kustbewenners geregeld kontakt mei Nederlânsktalige frjemdlingen; foarby de grutte feansompen – yn Nifterlake (Utert) en Hamaland (Gelderlân) – waard nammentlik wol Nederlânsk praat sadat foar de hannel en de kontakten mei de biskop it learen fan de Nederlânske taal in nuttige oangelegenheid wie. Ek kamen der bytiden migranten út Nederlânsktalige streken yn it kustgebiet te wenjen. Sa waard wat letter Hollân wurde soe twatalich, in situaasje dy ’t pas yn de rin fan de tolfde iuw omsloech yn it foardiel fan it Nederlânsk.

It ferdwinen fan de twataligens yn Hollân is al gauris bestudearre troch histoarisy en taalwittenskippers. Gelearden lykas Izaak Gosses, Klaas Heeroma, Dirk Blok, Cor Van Bree en – koartlyn noch – Michiel de Vaan ha gelearde ferhannelingen oer dit ûnderwerp skreaun. Dochs is dit meartalige ferline fan Nederlân relatyf ûnbekend bleaun. Dat is spitich want dat it Nederlânsk eartiids as migrantetaal Hollân binnenkaam is liket my in wichtich maatskiplike ynsjoch.

Werom nei de tsiende iuw. Wy stappe de tiidmasine út en rinne rjochting it westlike poartegebou fan de Leidse boarch: it útsjoch is fenomenaal. Wy sjogge de bosken, de sompen en sels – yn ‘e fierte – de toppen fan ‘e dunen. As wy nei ûnderen sjogge, bespeure wy dat krekt wat skippen oanlizze; oan it skipstype te sjen binne it Flamingen. De kastielhear dy ’t neist ús yn de poarte stiet, bromt gnoarrich: “Ik fyn it prima as der frjemdlingen komme, salang ’t se mar wol de taal leare. Foardatst it witst prate wy hjir allegearre Nederlânsk!”

dr. P A Kerkhof (Fryske Akademy)

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s